Moaie sealkeatspartij yn Easterein
Snein 15 febrewaris ha we foar de twadde kear tegearre mei Wiuwert-Britswert de donkere winterdagen trochbrutsen mei in moaie sealkeatspartij yn Easterein.
Tsien partoer, manlju en froulju troch elkoar en dan trije kear in ferskillende list. Prachtich, dan kinne je mei elts en ien efkes byprate.
13.00 wie (hast) iderien presint, dus doe gie it oan! Der waard elke omloop 40 minuten keatst en deryn moastest dan sa’n soad mogelik earsten binnen sjen te heljen.
Der wienen spannende partijen en echte ’walk-overs’, mar it moaie is dat je nei elke party oare maten ha, dus dan hast wer alle kans!
Nei in moai putsje foar de rekkenkommisje waarden fjouwer manlju en fjouwer froulju gelokkich makke mei hearlike fleispakketten: froulju: 1. Hedwich Stienstra 2. Tiny van Berkum 3. Lyssa van der Ende 4. Baukje Stienstra manlju: 1. Melle Tilma 2. Jurriaan Hoekstra 3. Tjipke Keuning 4. Andries Brinksma It wie wer in grut sukses, dus oar jier allegear wer meidwaan oan disse moaie party!!
Geplaatst op 02 February 2009